Beslút ta fêststelling fan subsydzjeplafond en iepenstelling fan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter dy’t heart by it beslút fan Deputearre Steaten fan 31 augustus 2021

Deputearre Steaten fan provinsje Fryslân stelle foar de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter it neikommende subsydzjeplafond en de iepenstelling fêst:

 

  • It subsydzjeplafond foar de yn kêst 2.2. 3.2 en 4.2 fan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter bedoelde subsidiabele aktiviteiten is fêststeld op € 400.000,-.

  • It hjirfoar neamde subsydzjeplafond jildt foar oanfragen dy’t ûntfongen binne fan 13 septimber 2021 oant en mei 14 desimber 2021.

  • De ferdieling fan de middels bart neffens kêst 1.4 fan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter.

Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal blad, dêr’t it yn pleatst is.

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 31 augustus 2021.

Foarsitter drs. A.A.M. Brok

Sekretaris R.E. Bouius - Riemersma, MBA MCM

Naar boven